Afke har 5e PC
Afke siet mei har maten yn in moai blokje, net dreech lotte. Yn de earste omloop keatse tsjin Hilda Tjepkema, Judy Bergsma en Idske Zijlstra Nei in wat stroef begjin en 2 om 1 earst achter begûn it better te rinnen Afke wint mei har partoer en komt op de twadde list, stân 5-3 en 6-0 Nelie Steenstra, Janny de Haan en Mariska Hoogland binne lykwols gjin partij. It rint as’t spoar bij Afke’s partoer, winst op 5-0 en 6-0 Op de tredde list bliuwt it partoer Kuipers stean en dan sitte hja samar yn de finale De tsjinstanders binne it favoriete partoer van Maaike Wind, Sjoukje Visser en Afke Hijlkema Hja hawwe de beide earste partijen dreech keatst en hiene d’r ek wol ôf wêze kind Yn de heale finale lei it nivo in stik heger, mar it bêste hiene hja foar de finale bewarre It waard in partij fan heech nivo mei wikseljende kânsen It brekpunt wie op 4-3 en 6-6 doe de bal boppe slein waard troch Afke Hylkema Einstân 5-3 en 6-6. Afke hie graach winne wold, mar hoecht harsels neat te ferwiten, want hja hat de hiele die pûrbêst opslein.
Geplaatst op 26 August 2010